Boerepream "De Komelker"

Eartiids hiene de Terhernster boeren in protte lān oer it wetter. Yn Terherne wiene ek in protte komelkers, dy’t alle jierren op ‘e nij lān hiere moasten. Dit lān lei ek meast oer it wetter en wie net de bźste soarte. De komelkers hiene harren bisten dan ek meast simmer en winter op stāl stean. It lān waard brūkt foar it deistige gźrs en yn de simmer waard der haaid. Om it lān te berikken waard der gebrūk makke fan boerepreammen, dy’t men boomke as sylde.

Ienris yn it jier organisearre de Terhernster sylferiening “Onder Ons” in sylwedstriid tusken de Terhernster boerepreammen, njonken inkelde oare  klassen. Yn it midden fan de jierren ’30 fan de foarige ieu kamen de oanhingmotors op en rekke de silerij yn ūnbrūk.

Doe’t it yn Terherne (finansjeel) net slagge om in skūtsje yn de feart te bringen om diel te nimmen oan de wedstriden fan de SKS wiene der in pear komelkers en skippers, dy’t betochten, dat Terherne dochs in flaggeskip hawwe moast en dat waard in boerepream, dy’t op ‘e nij ūnder tśch brocht waard. Yn de maaitiid fan 1963 waard dizze pream doopt mei de namme “Komelker”, ta neitins oan de Terhernster boeren en komelkers, dy’t hjir eartiids alle dagen gebrūk fan meitsje moasten.

Sūnt 1963 sylt dizze pream by spesjale gelegenheden as Terhernster flaggeskip en fierder mei  selskippen. De opbringst fan dizze silerijen wurdt wer brūkt om de pream te ūnderhālden en te sparjen foar in nij tśch, in motor, in roer, swurden, ensfh.

Yn de simmer (maaie oant en mei septimber) kinne jo dizze pream foar in dei as in middei hiere, mei in skipper en in maat (fokkenist). Fanśt Terherne binne der mooglikheden by’t soad. In syltocht oer de smūke wetters om Terherne hinne, de wat rommere Terkaplester Puollen, de wide romte fan de Snitsermar. As it om in hiele dei giet en der dus wat mear tiid is hearre Langwar en Grou bygelyks ek ta de mooglikheden. Boppedat kinne jo ek kieze foar in oar opstapplak as Terherne. Der is ien beheining: neffens de   Skipfeartwet meie der net mear as 12 gasten mei.

Fansels hinget it slagjen fan in syltocht bot ōf fan waar en wyn. Om de skipper en syn maat giet it lykwols dźrom net sa gau oer. Nim ris kontakt op mei de skipper Auke Bijlsma (0566 – 689698) om te oerlizzen oer in nea te ferjitten syltocht mei in boerepream en de priis derfan. 

Jo sille gjin spyt hawwe!


Terug naar de "Komelker"
                         

 

 

   voor het laatst bijgewerkt op 21-09-2011

    Ontwerp: Geesje's Webdesign