Wapen & vlag van Terherne (aan deze pagina wordt nog gewerkt)

 

It wapen fan Terherne bestiet út 3 klaverblêden yn giel (goud), 2 yn de midden en ien derboppe, mei dêrûnder in leelje yn it wyt (sulver). De ûndergrûn is read (keel). 

De oarsprong fan dit wapen is ûnbekend. It is allinnich bekend fan in kastdoarke yn kafé Zevenwouden, der’t it njonken it wapen fan it distrikt Zevenwouden ôfbylde is mei de tekst: “Als ik het wel heb onthouden, is dit de hoek van Zevenwouden”. De klaverblêden komme ek foar yn de wapens fan de doarpen Akkrum en Aldeboarn en dat fan de eardere gemeente Utingeradiel en ferwize mooglik nei de lânbou.

De oerlevering wol, dat dit kastdoarke út de eardere pleats oan De Krim ôfkomstich is. Dizze pleats stie yn de úterste hoeke fan it doarp oan De Hoarne, der’t no in mânske bungalow stiet oan de De Syl. Dit wie echt de úterste hoeke fan it distrikt Zevenwouden. Op dit plak kamen Zevenwouden, Eastergo en Westergo by elkoar. Dizze pleats wie tagelyk herberch mei in boppeseal. In kombinaasje, dy’t mear foarkaam.

Yn 1876 sette Hette Jentjes van der Meer en Sjoukje Kornelis van der Krieke har op dizze pleats ta wenjen. Sjoukje hat lykwols in protte lêst fan astma en der wurdt ferûndersteld, dat dit komt fan it wenjen by it wetter. Boppedat steurde sy har oan it arbeidersfolk, dat yn it kafé kaam en de soer fertsjinne sinten dêr opmakke. Sy learde lykwols hiel goed kaartspyljen! Al yn 1881 wurdt der foar dizze lokaliteit net mear in fergunning foar it ferkeapjen fan sterke drank oanfrege. Yn de jierren ’90 fan de 19e ieu beslúte sy om te ferfarren nei in pleats yn it Leechlân by Grou. It is net bekend as doe it kafé noch funksjonearre.

De nije bewenners beslúte om te ferbouwen en it hiele foarhûs as wenromte yn gebrûk te nimmen. Hjirby wie de Terhernster skilder Folkert Gerrits van der Meer belutsen. Doe’t dy it kastdoarke op de brânsteapel lizzen seach hat hy it meinommen nei kafé Zevenwouden, der’t doe syn heit Gerrit Folkers van der Meer eigner fan wie. Sûnt dy tiid, oant de dei fan hjoed, hat it doarke in plak yn kafé Zevenwouden. Mooglik sels, dat kafé Zevenwouden syn namme ûntliend hat oan de tekst op it doarke, dat spitigernôch net mear de orizjinele kleuren hat.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

   voor het laatst bijgewerkt op 21-09-2011

    Ontwerp: Geesje's Webdesign